Dizze simmer giet Omrop Fryslân op ’en paad. En wêr wy nei ta moatte dat bepaalsto! Organisearje jim in fet evenemint? Is der by jim yn it doarp in gesellige bradery of ha de bern in moai simmeraktiviteit betocht?

Diel it mei ús en wa wit stiet ús Simmer yn Fryslân-team dizze simmer by jim op ’e stoepe. Dêrneist soarget Omrop Fryslân foar it grutste simmeroersjoch ea en nimme we dyn aktiviteit dus mei op ús online aginda.

Busje komt zo!
Seis wiken lang, 22 july o/m 31 augustus, besykje wy tal fan dy eveneminten mei in spesjaal simmerbuske. Ut dat buske wei meitsje wy de moaiste simmerske ferhalen. Oant gau!